Kronyk fan tsien geslachten yn fjouwer ieuwen
Damsma, Gerrit | Paperback / softback | 12-12-2018 | 9789402184365
Elk minskebern stiet op ‘e skouders fan syn foarâlden. Hy ken syn heit en mem, syn pake en beppe en soms noch syn oerpake of oerbeppe, mar dan hâldt it wol op. Al dy oaren wurde wei yn de dize fan it ferliene. Mar doch: se hawwe libbe. Minsken fan fleis en bloed.
Yn Tinne Twigen hat Gerrit Damsma – eartiids sjoernalist fan it Friesch Dagblad – besocht dy ûnbekende foarâlden wer ‘ta libben’ te roppen. It is in reis werom yn ‘e tiid, oant yn de Gouden Ieu. In kronyk fan tsien generaasjes yn fjouwer ieuwen. Oer lytse minsken mei har eigen lytse skiednis yn in grutte wrâld. Al dy geslachten binne kommen en gien en hienen har eigen ferhaal. En dat ferhaal giet al mar troch en al mar fierder. De âlde stam krige en krijt nije tûken. En oan dy tûken komme wer nije, tinne twigen.
Gerrit Damsma is ek de auteur fan ‘De beam fan belofte’, in histoaryske roman oer de emigraasje fan in grutte groep Friezen yn de 19de ieuw nei Amearika. Dizze pioniers wienen de stichters fan it plak Vriesland yn de steat Michigan. De Nederlânske oersetting hat as titel: ‘De boom van belofte’. Tinne Twigen wurdt ek oerset: ‘Dunne Twijgen’. Allegear útjûn by Brave New Books.