Tiemersma, Koos | Paperback / softback | 28-09-2020 | 9789492457394
In man rint, in lege rolstoel foar him út triuwend, oer plakken as Weidum, Winsum en Baard fan Ljouwert nei Harns, om dêrnei troch te reizgjen nei ien fan ‘e eilannen. Dy rolstoel is net fan himsels:
hy hat him stellen. Mar is Julius Quist, learaar oan in gymnasium yn de haadstêd, dêrmei in dief? Want achter dy rolstoel sit it ferhaal fan in frou mei wa’t er, steande foar it rút fan syn lokaal, in
relaasje-op-ôfstân oangie.
No is er ûnderweis nei har begraffenis. Algau fernimt er dat neat gewoan is op dizze tocht. En dat hat alles te krijen mei syn fûle reaksje op de fraach fan syn rektor oft it net tiid waard om wat betider mei pensjoen te gean: ‘De duvel mei my helje as ik op jo suggestje yngean.’ Nee, dat hie er better net sizze kind…
Quist is in Faustiaanse fertelling dy’t boeit fan begjin oant en mei de ferrassende ûntknoping. In boek om net te missen.