Groot, Gjalt de | Paperback / softback | 29-04-2024 | 9789083366104
‘Dy ferrekte Grousters ?’
It wiene de wurden fan in Wergeaster doe’t er it hie oer in Grouster.
Hoe koe it dochs dat er dy skerpe en misledigjende wurden spruts? In grutte rûzje, miskien âldsear? Hie Gjalt syn âldomke Arjen, dy’t yn 1909 flechte nei Perû, der faaks wat mei te meitsjen? Dat it lang net lekker siet tusken de beide mannen, reidskarders foar einekuorren, is wol dúdlik.
Gjalt, sels al syn hiele libben einekoerflechter, skriuwt mei kennis fan saken oer dat âlde ambacht, wol it as in foarm fan Fryske folkskeunst bewarje, trochjaan en sa yn libben hâlde. Hy naam it inisjatyf ta it oprjochtsjen fan ‘De Strampel’, De Fryske Feriening fan Einekoerflechters.
Mar it flechtsjen is safolle mear as nêstromte biede oan in ein, mear as it bewarjen fan folkskeunst, it is ek in foarm fan ta josels kommen. As jo sitte te flechtsjen dogge de hannen har wurk en kriget jo geast tiid ta tinken. Gjalt naam dy tiid om sa de moaie ferhalen fan fertellers rypje te litten om se dêrnei yn dit boek fêst te lizzen.
Ek mei Dy ferrekte Grousters sil Gjalt syn lêzers in protte lêsnocht bringe.