in ale alema-mystraerje
Schokker, Jan | Paperback / softback | 30-03-2011
Resjersjeur Ale Alema fan it plysjeburo fan it Hearrenfean sit wat yn in labile tiid. Wurk is der genôch om yn ûnder te dûken en miskien om wer wat hâldfêst yn te finen. Lykwols, tusken de drokke dagen sitte de swarte nachten en de flesse drank is op e taast wol te finen.
Foar oerlis yn in saak oer stellen djoere autos komt Ale yn e kunde mei twa froulike kollegas, Petra Zeijlstra en Rykje Wybenga. Sy sitte yn it saneamde SUC-team. Geandewei it ûndersyk hat Ale it gefoel dat hy oan e sydline stiet en as in sike poedel efter de froulike kollegas oanrint. It is in mysterieuze saak dy t nei binnen teart, de SUC-unit yn.
Kollega Wytske de Boer komt yn Brongergea foar in hiel oar fraachstik te stean. Fan wa binne de bonken dyt boufakkers fine by in ferbouwing? Alde bonkerakken of spilet der oars wat?
Dizze twadde Ale Alema bringt in protte spanning en ferdivedaasje. Jan Schokker is in boeiende ferteller mei in tige humoristyske styl.