overig | 21-11-2018 | 9789492799081 |
Levertijd 5 dagen
Bekende teksten fan psalmen en in pear gesangen, mar dan opnij toanset foar koar (satb), kwartet (satb) of begeliedend toetsynstrumint. Dat is de ynhâld fan in twatal boeken, wêrfan jo hjir it earste fine (Psalm 1-89).
Neist dizze útjefte yn it Frysk is der ek ien yn it Nederlânsk: ‘Nieuwe muziek bij de psalmen en enige gezangen’ (ek twadielich). De teksten yn de Nederlânske binne ûntliend oan de beriming fan 1773. Dy yn de Fryske komme meast fan Fedde Schurer (stavering fernijd).
Bysûnder oan beide edysjes is dat in sjonggroep dy’t der in eksimplaar fan oanskaft, frij is om dêrút foar eigen gebrûk kopyen te meitsjen.
Foar oargelisten is der in spesjale begeliedingsbondel, sûnder lietteksten, mar mei foar-, tusken- en neispullen.