Schokker, J. | Paperback / softback | 03-07-2008
Haadresjersjeur Alema docht syn wurk mei nocht en is der folslein mei besteld. Hy giet der sa yn op dat er gauris te let thús is mei iten en net mear op e hichte is fan wat der thús bart. Syn frou Els hat dêr op in stuit har nocht fan, siket in flat en freget de skieding oan. Alema is folslein fan it sintum en hie it net oankommen sjoen, al hoe skerp er yn syn wurk oars altyd is. Lokkich is der ek wer it wurk dat him der trochskuort.
Hy hat in frjemde saak by de kop. Boate Koalma, direkteur fan Koalma Konstruksjes, hat him deariden tsjin in beam. It liket in ûngelok, mar as de notaris him yn fertrouwen fertelt dat Koalma koartlyn in frjemd testamint opsteld hat mei de tekst Myn moardner erft my hiele besit, dûke hy en syn meiwurkster Wytske der djip yn, Alema sels justjes te djip. De moaie widdo fan Koalma, Marte, wynt Alema handich om har mysterieuze finger en Wytske begrypt soms net mear wat se oan Alema hat. Dizze plysjeroman, spyljend yn de regio Hearrenfean, is skreaun yn in noflike styl, mei in protte humor. De ein is tige ferrassend en it boek sit knap yn elkoar.